Fierljepwinst foar Thewis Hobma en AkkeNeel Talsma

22 jul 2015 - 22:39
  • Thewis Hobma

In protte ljeppers wiene der woansdeitejûn op De Jouwer net by. Dy't der wol wiene makken der net in spektakel fan. Mar in pear sprongen fertsjinnen it predikaat goed. Sa wûn Thewis Hobma mei 20.24 by de senioaren. De grutste ferrassing kaam by de froulju fan AkkeNeel Talsma. Mei in prachtich persoanlik rekôr fan 16.45 wie se foar de earste kear dit seizoen de bêste. Sytse Bokma ljepte by de junioaren nei de winst mei 18.88. By de jonges wie Hessel Haanstra de bêste mei 15.77, Bente Vlas wûn by de famkes mei 14.19.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)