Fertraging treinferkear troch steuring yn Grins

22 jul 2015 - 18:56

Yn Fryslân en Grinslân hat der woansdei oan it begjin fan de jûn in healoere lang gjin treinferkear mooglik west. Troch noch ûnbekende oarsaak wie it net mooglik om fanút de ferkearsregelpost fan Prorail yn Grins de seinen en wiksels te betsjinjen.

By Ljouwert gie it om de treinen fan en nei Grou-Jirnsum, Harns Haven en Starum. Ek tusken Grins en Ljouwert rieden de treinen net. De spoarbehearder docht ûndersyk nei de oarsaak fan de steuring. Mooglik hie it wat te krijen mei in stroomsteuring.

Nei healwei sânen kaam it treinferkear wer stadich op gong.

Trefwurden: 
trein steuring ProRail
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)