Ouwe Seunen wolle eigen praathokje yn Harns

22 jul 2015 - 17:10
  • De Ouwe Seunen yn Harns

De Ouwe Seunen fan Harns wolle graach in eigen praathokje. Elke dei fan twa oant fjouwer oere middeis beprate de Harnzers it libben mei elkoar. Sy hawwe no in plakje achter it gebou fan rederij Doeksen, mar dêr bliuwt in net altyd droech.

Rinnie Brandsma, ien fan de Ouwe Seunen, hie sa'n selde praathokje foar de âlderein sjoen yn Volendam. Sadwaande kaam er op it plan foar in praathokje foar de Ouwe Seunen. De gemeente Harns seit yn in reaksje dat sy iepen stean foar in petear mei de inisjatyfnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)