Hotel Zandt aan Zee op Skiermûntseach terjochte ûntromme

22 jul 2015 - 16:14

De gemeente Skiermûntseach hat strânhotel Zandt aan Zee ferline jier terjochte ûntromje litten. Dy útspraak die de Ried fan Steat woansdei. De gemeente stelde dat it hotel net in goede brânynstallaasje hie. Dêrom mochten de gasten net langer yn Zandt aan Zee bliuwe.

Alle regelarij rûn de ûntromming koste de gemeente Skiermûntseach goed 20.000 euro. Dit bedrach woe de gemeente ferhelje op de útbater fan it hotel. De rjochter fûn lykwols dat dit bedrach net goed ûnderboud wie. De gemeente besjocht no oft der ferfolchstappen naam wurde sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)