Blau-alch yn Aldegeaster Brekken

22 jul 2015 - 16:03

Yn it wetter fan de Aldegeaster Brekken by Aldegea Súdwest-Fryslân is blau-alch oantroffen. De wetterbaktearje is konstatearre nei ûndersyk, meldt de provinsje Fryslân.

Blau-alch kin ferfelende gefolgen hawwe foar swimmers. It kin ûnder oare soargje foar koarts, jokte, diarree en pine yn de holle. Blau-alch kin herkend wurde wannear't wetter in blau-griene kleur hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)