Omrop TIP: it Omrop Fryslân fierljepkafee

07 aug 2015 - 07:50
  • Bart Helmholt yn aksje by it FK fierljeppen yn Winsum

As tarieding op it Frysk kampioenskip fierljeppen iepenet Omrop Fryslân freedtejûn foar de twadde kear it fierljepkafee. In radioútstjoering folslein yn it teken fan it fierljeppen, rjochtstreeks út Herberch De Trijesprong yn Winsum. Dêr wurdt sneon it Frysk kampioenskip hâlden.

Yn it fierljepkafee komme tal fan gasten del. Presintatoaren Geert van Tuinen en Gerrit de Boer dûke de fierljephistoarje yn, prate mei de ljeppers fan no en sjogge foarút nei it FK. De útstjoering begjint om 18:00 oere en duorret oant 20:00 oere.

It FK Fierljeppen: live by Omrop Fryslân
Omrop Fryslân hat op sneon 8 augustus fansels ek wiidweidich omtinken foar it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum. Fan de earste sprong ôf om 13:30 oere is de radio der live by. Letter op de middei is de wedstriid ek yn byld te folgjen op telefyzje, ynternet en de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)