Achtkarspelen wol subsydzje foar passend wurk beheinden

22 jul 2015 - 11:32
  • It gemeentehûs fan Achtkarspelen

De gemeente Achtkarspelen hat fjouwer ton oan Europeeske subsydzje oanfrege foar de saneamde Maatskiplike Undernimming Achtkarspelen. Mei dit inisjatyf wol de gemeente minsken mei in beheining sa folle mooglik passend wurk oanbiede.

Neffens de gemeente fine benammen lytsere bedriuwen it dreech om minsken mei in beheining oan te nimmen. Mei de Maatskiplike Undernimming wol de gemeente dizze beswieren fuortnimme. Yn novimber wurdt dúdlik oft de gemeente de subsydzje krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)