Fertochte autokrasserij De Jouwer oppakt

22 jul 2015 - 11:03
  • De dieder liet in namme achter

In 17-jierrige jonge fan De Jouwer is tiisdeitemoarn oahâlden foar it bekrassen en fernielen fan tsien auto's yn syn wenplak. De auto's stiene oan de Eeltjebaes en De Boeijer doe't de jonge der krassen op sette en de rutewiskers ôfbruts. Hy koe oanhâlden wurde op basis fan kamerabylden fan ien fan de bewenners.

De jonge hat de fernielings bekend. De plysje ûndersiket noch oft hy ek belutsen is by tsientallen oare fernielings fan auto's op De Jouwer.

Fan desimber ferline jier ôf oant no ta binne der mear auto's op de Joksewei, De Boeijer, Helmhout, Eeltjebaes en de Dukdalf fernield. Ruten waarden ynslein en rutewiskers fernield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)