Jonges pakt mei drugs en fjoerwurk op camping Skylge

22 jul 2015 - 10:48

Twa 18-jierrige jonges binne tiisdei op Skylge oanhâlden om't se drugs, in stiletto en swier fjoerwurk meinaam hiene nei harren fakânsjeadres. It giet om in jonge út Hansweert (Seelân) en in jonge út de gemeente Borsele. De plysje kaam it duo op it spoar nei in tip. It guod waard oantroffen yn de tinte fan de twa. Se sitte noch fêst.

De camping dêr't de beide jonges op stiene, hat se fuortstjoerd. Se moatte nei it ûndersyk fan it eilân ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)