Dieven nimme sigaretten mei út tankstasjon Gytsjerk

22 jul 2015 - 10:24
  • Sigaretten stellen by tankstasjon
  • Dieven makken gat yn it dak
  • Tankstasjon Gytsjerk

By in ynbraak yn in tankstasjon oan de Trynwâldsterdyk by Gytsjerk hawwe dieven yn de nacht fan moandei op tiisdei in soad sigaretten stellen. Om binnen te kommen, makken de ynbrekkers in gat yn it dak. Dat gat siet krekt boppe de kast mei smokersguod. De dieven ha doe in wyt lekken foar de sigarettekast delhongen om sa de sensoaren yn de saak net reagearje te litten. Dêrnei koene se sawat alle sigaretten stelle.

Neffens in meiwurker fan it tankstasjon rint de skea troch it stellen en it fernielen yn de tsientûzenen euro's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)