Boeren fergees mei te ballonfarren

22 jul 2015 - 08:44

De Jouwer makket him op foar de 30-ste edysje fan de Ballonfeesten. Tiisdeitejûn giene de earste ballonnen de loft al yn. De ballonfeesten binne in drok besocht evenemint, mar de boeren út de omkriten binne net altyd bliid mei al dy ballonnen. Dy lânje bygelyks yn harren greide en dat soe net goed wêze foar de grûn en it fee. Dêrom organisearren de ballonfarders tiisdeitejûn in ''testjûn" en de boeren mochten fergees mei. De ballonfeesten binne fan 22 oant en mei 26 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)