Plysjes Noard-Nederlân rinne mei yn Fjouwerdaagse

22 jul 2015 - 08:23

De 99-ste edysje fan de Nijmeegse Fjouwerdaagse is tiisdei begûn. Woansdei stiet de twadde etappe op it program. Meiwurkers fan de plysje Noard-Nederlân rinne dit jier foar it fjirde jier mei as groep. Sa ek Oeble Bouma út Fryslân. Hy rint sels al foar de 31-ste kear mei. Woansdeitemoarn betiid binne se útein set om de langste ôfstân fan 50 kilometer te rinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)