Nei brûns no sulver foar Manon Kamminga op EK

21 jul 2015 - 23:09

Manon Kamminga hat tiisdei op it EK skeelerjen (inline skaten) op de baan yn Eastenryk it sulver helle op de 15 km ôffalkoers. Troch de stipe fan Elma de Vries en Bianca Roosenboom koe Kamminga yn de finale hast taslaan. It draaide út op in einsprint mei de Italiaanse Francesca Lollobrigida. It ferskil op de einstreek wie hast net te sjen, mar de winst gong nei Italië en net nei It Hearrenfean.

Moandei op de punte-ôffalkoers oer 10 km waard Kamminga tredde. Ek doe wie de winst foar Lollobrigida.

By de manlju op itselde ûnderdiel - de 15 km ôffalkoers - gong de winst nei de Frânsman Alexis Contin. De Friezen Mark Horsten en Jan van Loon waarden njoggende en tsiende.

De earste trije dagen wurdt it EK op de baan hâlden yn Wörgl. Nei in rêstdei giet it EK fierder yn Innsbruck op de dyk. Snein is de maraton it slotstik fan it EK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)