Ekstra treinen nei Starum foar skûtsjesilen

21 jul 2015 - 19:25

Arriva rydt sneon mei in oanpaste tsjinstregeling tusken Ljouwert en Starum, yn ferbân mei it skûtsjesilen by Starum. It ferfiersbedriuw set twa ekstra treinen yn en dizze binne ek langer. De ekstra treinen slute oan op de start- en eintiid fan it skûtsjesilen.

De wedstriid by Starum begjint sneon om 14.00 oere en is om 16.00 oere hinne ôfrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)