Soad fraach nei boerelân: grûnprizen sjitte omheech

21 jul 2015 - 18:44

It is op it stuit dreech om oan boerelân te kommen yn Fryslân. Der is in soad fraach nei nije grûn troch it ôfskaffen fan it molkkwotum en dat soarget der foar dat de priis bot omheech giet. Per bunder grûn wurdt tusken de 5000 en 15.000 euro mear betelle as in jier ferlyn.

Neffens agrarysk makeler AgriVastgoed yn Ljouwert hat der noch net earder sa'n grutte priisstiging west yn Fryslân. Ek op oare plakken yn it lân is de priis omheech gien. Dêr komt it ûnder oaren trochdat de grûn opkocht wurdt troch ynvestearders út Ingelân en België.

Yn Fryslân wurdt de grûn benammen kocht troch lokale boeren dy't útwreidzje wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)