Skûtsje Earnewâld wint op eigen thúswetter

21 jul 2015 - 16:08
  • It winnende skûtsje fan Earnewâld

It skûtsje fan Earnewâld mei skipper Gerhard Pietersma hat tiisdeitemiddei de tredde wedstriid fan it SKS skûtsjesilen wûn op it eigen thúswetter by Earnewâld. De wedstriid begûn mei in oanfarring tusken de skûtsjes fan Drachten en Wâldsein.

Langwar mei Johannes Meeter naam fan it begjin ôf de lieding, mar waard al rap ynhelle troch Earnewâld. Skipper Gerhard Pietersma joech de kopposysje dêrnei net mear út hannen en kaam mei grutte foarsprong oer de einstreek foar hotel Princenhof. De Jouwer einige as twadde, folge troch Akkrum.

Sjoch foar in wiidweidich ferslach en in analyze fan de wedstriid nei it Skûtsjesjoernaal, alle dagen nei Hjoed. De folsleine útslach en it klassemint is te finen op simmerynfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)