Ballonfeesten jierliks hichtepunt foar piloat Danny Bosma

21 jul 2015 - 14:44

De organisaasje fan de Ballonfeesten op De Jouwer fiert dit jier har 30-jierrich jubileum. Foar ballonfarder Danny Bosma fan De Jouwer binne de Ballonfeesten altyd it hichtepunt fan it jier. Al 22 jier is er piloat fan ien fan de 35 ballonnen dy't de loft yn gean.

Om't Bosma oan de ein fan syn karriêre is, sil dit ien fan de lêste jierren wurde dat er meidocht. Dit jier is dêrom ekstra spesjaal foar de Jouster ballonfarder. Woansdei giet syn ''BOB Daar Kun je Mee Thuiskomen" ballon de loft wer yn, passend by syn wurk as rydynstrukteur.

De Ballonfeesten op De Jouwer duorje fan 22 oant en mei 26 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)