Sûn libje helpt tsjin sykte fan Alzheimer

21 jul 2015 - 14:10

Sûn libje kin helpe tsjin de sykte fan Alzheimer. By 30 persint fan de minsken dy't risiko rinne demint te wurden, kin dat foarkommen wurde. Dat blykt út ûndersyk fan it Erasmus Medisch Centrum. De belangrykste saken binne net smoke, sûn ite en it foarkommen fan in hege bloeddruk.

Aukje Post is trainer by Dementia Care Mapping yn Burgum, in lanlike organisaasje dy't soarchynstellings helpt by it wolwêzen fan deminte minsken. Neffens har is it foaral wichtich dat deminte minsken in protte bewege. In aktyf lichem ferheget de harsenaktiviteit.

Post is bliid mei it ûndersyk fan it Erasmus Medisch Centrum, mar wiist der op dat der in soad oarsaken binne foar it krijen fan de sykte fan Alzheimer. Sûn libje is belangryk en kin helpe de sykte foar te kommen, mar dat jidt net foar elkenien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)