Warskôgingsboerd foar oerstekkende otters fuorthelle

21 jul 2015 - 13:58

It Fryske Gea mist ien fan de unike warskôgingsbuorden foar oerstekkende otters. It boerd waard begjin dit jier troch de natuerorganisaasje pleats yn de Jan Durkspolder by Aldegea Smellingerlân. It eksimplaar op de Headammen by restaurant Ie-Sicht is sûnt it ôfrûne wykein fuort.

It it neffens It Fryske Gea wichtich dat it boerd werom komt, oars wurde automobilisten net langer attindearre dat der otters yn it gebiet sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)