FIDEO: Alden roppe saboteur útkyktoer op him te melden

21 jul 2015 - 12:51
  • De famylje fan it 14-jierrige famke by de útkyktoer op De Jouwer

De âlden fan it 14-jierrige famke dat tongersdei fan tsien meter hichte út in útkyktoer op De Jouwer foel, dogge in oprop oan de dieder. Dyjinge dy't in roaster boppe yn de toer los skroefd hat, wêrtroch it famke falle koe, moat him melde, fine se. It ûngelok hat grutte gefolgen foar de famylje. It famke rekke swierferwûne troch de fal. En soks mei nea wer barre, fine se.

De âlden hoopje ek op mear tips fan tsjûgen, sadat de dieder oppakt wurde kin. De plysje hat yntusken fiif tips binnenkrigen. De dieder is lykwols noch net fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)