Wettertaappunt op Flylân iepene

21 jul 2015 - 12:35

Op Flylân is moandei in wettertaappunt iepene. It taappunt is in inisjatyf fan de organisaasje fan it festival Into the Great Wide Open. Neffens de organisaasje draacht it taappunt by oan it duorsume karakter fan it eilân, om't der no net langer plestik fleskes mei wetter nedich binne. Om dy reden hat ek de gemeente meiwurke.

It taappunt by de sportfjilden op East-Flylân is net allinnich foar festivalbesikers, mar is it hiele jier foar eltsenien te brûken. It taappunt is ferwurke yn in keramiken keunstwurk, makke troch Tichelaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)