Soad flinters yn Fryslân driigje út te stjerren

21 jul 2015 - 12:27
  • De Argusflinter

Ferskate flinters yn ús provinsje driigje út te stjerren. Dat seit ekolooch Eduard Peter de Boer, dy't foar Steatsboskbehear ûndersyk docht nei flinters. Neffens De Boer giet it bygelyks tige min mei de deiflinter Gentiaanblauwtje. Dizze flinter kaam eartiids oeral yn Fryslân foar, mar is op dit stuit allinnich noch mar yn in lyts gebiet by Alderbekeap te finen.

De ôfrûne hûndert jier is der hieltyd mear boerelân kaam, wêrtroch't in soad blommen ferdwine. Ynsekten kinne dêrtroch net mear oerlibje.

De Boer besjocht oft it mooglik is om de ferskate flintersoarten yn stân te hâlden. Hy tinkt ûnder oare oan weryntroduksje fan in oantal flintersoarten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)