Natoerferienings yn berop tsjin sâltwinning ûnder Waadsee

21 jul 2015 - 11:07

Natuermonuminten, de Waadferiening en Fûgelbeskerming Nederlân gean yn berop tsjin it beslút fan minister Kamp om sâltwinning ûnder de Waadsee ta te stean. Ut nij ûndersyk docht bliken dat sâltwinning ûnder de Waadsee wol deeglik soarget foar boaiemdelgong.

Yn maaie dit jier joech minister Kamp tastimming foar sâltwinning ûnder de Waadsee. De natoerferienings hawwe lykwols op 'e nij ûndersyk dwaan litten nei de gefolgen fan sâltwinning. Se stelle dat boaiemdelgong grutte skea tabringt oan de natoer yn de Waadsee.

Sa soene trekfûgels net mear genôch fretten fine kinne, omdat de Waadsee nei ferwachting minder faak droech falt troch de boaiemdelgong. It berop is yntsjinne by de Ried fan Steat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)