Kollum: "Jawis, ús taal"

21 jul 2015 - 09:54

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Eins hie ik it der net oer wollen ha, mar omdat it yn de krante hat stien, kin ik it net deaswijge. Ik ha it oer de taaltoets fan ôfrûne lente. In wurkgroep ûnder lieding fan Koos Wieling kaam mei dy toets oansetten. Earst tocht ik noch dat it oer ús kennis fan sport soe gean, mar nee, it gie oer ús behearsking fan de taal. Uteinlik, sa sei de wurkgroep, binne wy as Omrop de hoeder fan it Frysk. Hoewol’t my dat bêst wol oanspruts, soe ik it earst toch gean wegerjen. Ik bedoel, je wolle foar de kollega’s oer ek net mei de billen bleat. No ja, foar sommigen wol, fansels, mar jim sille it begripe.

De toets bestie út twa stikken. It earste stik gie oer de wurdeskat en de grammatika; it twadde stik wie in oersetopdracht. Mei it swit grou op de rêch bin ik der oan begûn. As hoeder fan it Frysk ha je toch in sekere ferantwurdlikheid. Boppedat soe de útslach fan de toets nei ôfrin yndividueel mei de wurkgroep wurde besprutsen.

Dat sette aardich druk op de tsjettel, en healwei de toets hie ik al útslach: op it boarst, yn de hals en om ’e kop. Toch foel it earste stik my net tsjin. Der wiene mar weinich wurden dy’t ik net koe, en de grammatika slagge ik ek aardich mei út de fuotten. Allinne by de oersetopdracht heakke it, mar nei’t ik de wurkgroep frege hie oft se dat even foar my fertale koene (en it om in fertaalopdracht bliek te gean) koe ik my ek dêr mei rêde.

Dat, nei in lyts oere koe ik gean stean en de toets tefreden ynleverje. Wieling en co. seagen my kritysk oan. Se hiene it fermoeden dat ik oan it spieken hie west. Omdat ik sa faak oer de side hie hongen en it like dat ik by oaren op it formulier hie sjoen. Ik glimke, en sei dat dat in medyske oarsaak hie. Troch de stress dy’t toetsen en eksamens meibringe, rekket myn evenwichtsorgaan fan slach en hingje ik samar oer de side, sûnder dat ik der wat oan kin dwaan. Se fertrouden it net rjocht, mar doe’t ik in sels útprinte attest fan de dokter liet sjen, wiene se akkoart.

Sa bruts de dei fan de útslach oan. Iderien siet stiiffol senuwen. Der giene liters espresso troch, de froulju sieten om de hjouwerklap op de wc en de helte fan de manlju wie spontaan gien roken. Om de beurt en op alfabetyske folchoarder moasten de meiwurkers yn de keamer fan de wurkgroep komme. De iene nei de oare kaam dêr mei ôfsakke skouders en in wanhopige blik yn de eagen wer út. Sels gie ik der fol fertrouwen yn. Nei’t ik wie sitten gien yn de stoel foar de tafel dêr’t de wurkgroep achter siet, seach Wieling my oer de râne fan de bril oan.

‘Wat tinkst?’ sei er. ‘Dat wy deselde kapper ha,’ antwurde ik, yn in poging om it iis te brekken. Hy skodholle. ‘Sakke,’ sei er,’ as in bakstien. It roait fan gjin kant. It liket nearne nei. It raast oan de protters. Do hast driuwend in kursus fannede. Hokker jûnen past it dy?’

Undertusken ha ik al aardich wat lessen hân. En ik moat sizze dat myn taal der flink fan opknapt. Dat moat jim ek opfalle, tinkt my. Lit oars mar hearre wat jim derfan fine op ff@omropfryslân.nl

Blinder, wie ik it bijna noch fergetten, marre… Oant folgjende wike!"

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)