Makkumers betinke list om kontrôle fan wanten te ûntrinnen

20 jul 2015 - 19:23

De Makkumer keatsferiening hat in list betocht, sadat ek jonges meidwaan kinne oan de Makkumer Palingpartij fan moandei. Dizze keatspartij is offisjeel in earsteklassepartij, mar de partij lûkt altyd in soad jonge keatsers. De wanten fan de jonges binne neffens de nije regels net tastien by earsteklassepartijen.

Dêrom hat de keatsferiening der in ledepartij fan makke, sadat der gjin betingsten binne oan it materiaal dêr't mei keatst wurdt. In soad jonges hiene har ôfmeld om't se bang wiene foar de kontrôles mei de Freule yn it foarútsjoch.

Alle dielnimmers hawwe moandeitemoarn 5 euro betelle en binne sa foar ien dei lid fan de Makkumer keatsklup. En de keuringskommisje foar de keatswanten? Dy koe nei de kofje wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)