GasTvrij Terschelling besiket mynbouwet te beynfloedzjen

20 jul 2015 - 15:35

De feriening GasTvrij Terschelling hat ôfrûne freed har fyzje yntsjinne op de nije mynbouwet fan 2016. Sa wurdt besocht ynfloed út te oefenjen op de tekst fan de wet, sadat mynbouyndustry op en om Skylge hinne aanst echt net mooglik is.

Yntusken is in earste wiziging fan de wet publisearre. Hjiryn stiet ûnder oaren dat feiligens en ek de ynspraak fan boargers mear en mear fan ynfloed wêze sil by de beoardieling fan in oanfraach. Op Skylge wurde noch hieltyd hantekeningen sammele foar in petysje om gjin gaswinning ta te stean by it eilân.

Yntusken binne dat der goed 40.000, mar de hoop is om aanst om 50.000 hantekeningen oan te bieden oan minister Kamp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)