Ynbrekkers teisterje Aldegea en ferdôvje hûn by it ynbrekken

20 jul 2015 - 13:53

Ynbrekkers hawwe in hûn ferdôve mei in kalmearringsmiddel by in ynbraak yn Aldegea (Smell.) yn de nacht fan freed op sneon. De ynbraak is der ien yn in rige fan ynbraken. It doarp is yn de ban fan de ynbraken. De ôfrûne acht dagen is der trije kear ynbrutsen yn it doarp.

Ek de plysje Drachten meldt op twitter in ''opfallend oantal ynbraken''. Op 8, 9 en 11 july is der ek al ynbrutsen.

Trefwurden: 
ynbraak hûn plysje Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)