Man (60) mei drank op bedarret mei scooter yn sleat

20 jul 2015 - 10:54

In 60-jierrige Snitser is snein oan de Sudergoawei yn Drylts mei syn scooter yn in sleat rekke. De man wie ûnder ynfloed fan alkohol. Omstanners besochten de man út it wetter te heljen, mar dat slagge net. De man wie út de tiid rekke en lei oer de scooter hinne. De plysje hat him lang om let op de wâl krigen.

De man is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is in bloedproef ôfnaam om te ûndersykjen hoefolle alkohol de man hân hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)