Koart pleit tsjin KNKB giet moandei net troch

20 jul 2015 - 06:11

It koart pleit fan it partoer Wierd Baarda, Willem Heeringa en Douwe Anema tsjin de KNKB giet moandei net troch. It trio woe nei de rjochter om't se rankingspunten misrûn wienen. Dêrtroch bestie de kâns dat de manlju de PC misse soenen.

Mar no hat it partoer him dit wykein op eigen krêft pleatst foar de 162e PC. Dêrtroch is de needsaak foar it koart pleit ferfallen. Dochs is it noch net wis oft in rjochtsaak hielendal fan de baan is. It partoer beriedt him no op fierdere stappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)