Partoer Bauke Triemstra wint ek Rengersdei

19 jul 2015 - 17:42

De Rengersdei, de keatsklassiker fan de Ljouwerter keatsklup Sonnenborgh, is wûn troch it partoer fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra. Yn in spannende en moaie finale waarden Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger mei 5-5 en 6-2 ferslein. Foar it partoer Bauke Triemstra waard it sa in topwykein mei sneon de winst yn Makkum. Yn de heale finale hiene de winners fan de sulveren keatsballen ôfweefd mei it trio Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Marten Feenstra: 5-0 en 6-0. Patrick Scheepstra waard de kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)