Twadde mûzepleach is kommendewei

19 jul 2015 - 15:06

Der driget in twadde mûzepleach yn Fryslân. Nei de earste sinjalen út de bouhoeke, komme der no ek meldings út Boazum, Hartwert, Turns, Easterein, Koudum en Himmelum. Dat seit boer Jacob van der Wal dy't ferline jier op Yndyk troffen waard troch de pleach en mei oare kollega's in aksjekomitee foarme.

Ek al falt der sa no en dan in snitterke rein, it lân is noch te droech. Sadwaande komme de mûzen werom. Undersikers ha hurd wurke oan in effektive metoade om muzen te bestriden. Mar dy oplossing is der noch net.

Dêrom krije de ûndersikers ekstra tiid en jild.

Trefwurden: 
mûzepleach mûzeskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)