Ferkearshinder by Ryptsjerk fanwege opnamen telefyzjesearje

19 jul 2015 - 11:44
  • De set fan dramasearje De Koers by Suwâld

Ferkear yn de omjouwing fan Ryptsjerk moat de kommende dagen rekken hâlde mei oerlêst. Op moandei en tongersdei binne guon diken ticht of tydlik ôfsletten fanwege opnamen fan de nije Omrop Fryslân telefyzjesearje De Koers. By dizze opnamen wurde grutte groepen hurdfytsers filme dy't in wedstriid ride.

Moandei giet it om de Halligenwei, de Ottemawei, de Tsjerkewei, de Dr. Kijlstrawei en de Jelte Binneswei dy't sa no en dan ôfsletten wurde. Tongersdei is de Slachtedyk fan Ryptsjerk de hiele dei ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)