Tsjûgen socht fan stekpartij Drachten

19 jul 2015 - 11:39

De plysje siket tsjûgen fan in stekpartij sneontejûn by in kafee oan de Súdkade yn Drachten. Dêrby rekke in 23-jierrige man út Drachten ferwûne. Trije jonges binne oanhâlden, in 19-jierrige jonge út Drachten, ien fan 18 út Rolde en in 16-jierrige jonge sûnder fêst wen- of ferbliuwplak.

De trije wurde op dit stuit heard troch de plysje. It is noch net dúdlik wêrom't it slachtoffer stutsen is. It slachtoffer leit yn it sikehûs, syn ferwûnings binne noch ûnbekend. Tsjûgen fan it ynsidint kinne kontakt sykje mei de plysje fia 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)