Westra: "Ynsidinten publyk Tour de France binne respektleas"

18 jul 2015 - 21:06

Hurdfytser Lieuwe Westra is min te sprekken oer it wangedrach fan guon taskôgers by de Tour de France. Der ha ferskate ynsidinten west. Sa krige Chris Froome, dy't yn de giele trui fytst, sneon ûnderweis nei de finish in beker mei urine nei him him smiten. Omdat er doping brûkt hawwe soe.

Ek Westra makke al it nedige mei, sa sei er tsjin it ANP: "Ik reed met Wout Poels van Sky omhoog. Van onder tot boven was er boegeroep. Deze mensen horen in een weiland thuis tussen de koeien. Het is respectloos, blijf dan thuis stakkers."

De hurdfytser, dy't tsjintwurdich yn Monaco wennet, is hielendal poer oer it smiten mei urine: "En dan hoor ik ook nog van urine gooien. Schaam je, debiel!"
Freed krige ek al in hurdfytser in klap fan in taskôger. It is benammen it Frânske publyk dat úthellet nei de sporters, omdat se tinke dat de fytsers noch hieltyd doping brûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)