Cambuur ferliest fan De Graafschap

18 jul 2015 - 20:35

SC Cambuur hat sneontejûn yn Kollum de oefenwedstriid tsjin De Graafschap mei 3-2 ferlern. De Ljouwerters kamen op slach fan rêst mei 1-0 foar troch in goal fan Van der Streek. Twa minuten nei it skoft makke Ogbeche de de 2-0, mar in minút letter wie it 2-1 troch in goal fan Quekel. Bedrosian en Jankovic makken dien wurk foar De Graafschap en besoargen Cambuur it earste ferlies yn dizze oefenperioade. Cambuur giet moandei op trainingskamp nei Eastenryk en spilet dêr tsjin Kasimpasa (Turkije) en FC Köln (Dútslân).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)