Ljouwert net mear yn 'e striid foar bêste binnenstêd

18 jul 2015 - 15:04
  • Binnenstêd Ljouwert

Ljouwert is ôffallen as dielnimmer oan de striid foar de bêste binnenstêd 2015-2017. Dordrecht en Rotterdam binne troch nei de finale. Neist Ljouwert wienen ek Nijmegen en Utrecht noch nominearre.

De sjuery sjocht by de beoardieling nei de ûntwikkeling fan de stêden yn de lêste twa jier. Op 8 en 9 oktober kinne de twa finalisten harren sels presintearje. Op 18 novimber wurdt de winner bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)