Hurde wyn: warskôging brânwacht foar boatsjeminsken

18 jul 2015 - 14:30

De brânwacht warskôget minsken dy't mei in boat op it wetter binne, om rekken te hâlden mei de hurde wyn. Minsken moatte rêdingsfesten drage en goed om lytse bern oan board tinke.

Yn Drachten rukten de helptsjinsten manmachtich út foar in boatsje sûnder ien der yn. Letter die bliken dat it famke fan it boatsje al oan de wâl wie. Freed soarge de hurde wyn der ek al foar dat ferskate sylboatsjes omsloegen. By Grou en de Galamadammen rekken de opfarrenden yn it wetter. Dy binne allegear rêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)