Gemeente bliuwt by beslút oer AZC yn Balk

18 jul 2015 - 12:28

Gemeente De Fryske Marren bliuwt by it beslút dat der in asylsikerssintrum komme moat oan de Wikelerdyk by it eardere Landlust. Ek hâldt it kolleezje fêst oan it maksimum fan 500 persoanen. Yn Balk wie earder al in soad ferset tsjin dit foarnimmen en dêrom hawwe hûnderten tsjinstanners in petysje tekene om it foarstel fan tafel te krijen.

Se fine dat der tefolle asylsikers komme en ek fine se it plak fan it sintrum net goed. It AZC bliuwt maksimaal fiif jier lang yn Balk stean.

Trefwurden: 
AZC Balk De Fryske Marren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)