"Burgum hat in klean- en boartersguodbank nedich"

18 jul 2015 - 11:23

Der moat in klean- en boartersguodbank yn Burgum komme. Dat fynt Vanessa Glas dy't drok dwaande is mei de oprjochting fan sa'n bank. Der is al in itensbank yn Burgum, mar neist iten is der ek in grut ferlet fan klean.

Glas is dêrom no op syk nei in geskikt ûnderkommen. Sy hat al oerlis hân mei makeler Jaap Kingma foar in plak, mar it is noch net wis oft sy dat ek krijt. Yn alle gefallen is der in romte nedich fan sa'n 150 kante meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)