Siete Meeter fan Ljouwert foarsichtich oer kânsen dit jier

17 jul 2015 - 22:27

Skipper Siete Meeter fan it Ljouwerter skûtsje jout himsels noch trije jier om syn folslein fernijde skûtsje kennen te learen. Fan 't winter is it hiele skûtsje renovearre, mar omdat it jild op wie, moast de bemanning sels de renovaasje ôfmeitsje. Dêrtroch koe der kwealik oefene wurde. Siete Meeter tinkt dan ek dat er dit jier noch gjin kânshawwer is foar de titel. Hy jout himsels trije jier de tiid om it skip hielendal kennen te learen. Dat sei er freedtejûn nei ôfrin fan de tradisjonele lotting yn Grou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)