Untslach foar Ferry Doedens by GTST

17 jul 2015 - 20:07

Ferry Doedens (25) hat dien krigen by Goede Tijden Slechte Tijden. De yn Drachten berne akteur soe him neffens produksjemaatskippij Endemol net oan 'produksjonele ôfspraken' hâlde. De opnames fan GTST soenen dêrtroch meardere kearen yn 'e knipe kaam wêze, sa seit Endemol yn in ferklearring. Wat der krekt mis giet wol Endemol net sizze.

It ûntslach betsjut net dat Ferry Doedens nei de simmerstop al net mear yn GTST te sjen wêze sil. De earste tsien wiken spilet er noch gewoan de rol fan Lucas Sanders. Dêr begûn er yn 2005 mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)