Auto yn it wetter yn Drachten: ynsittende omkaam

17 jul 2015 - 18:49

In 89-jierrige frou út Drachten is freed oan it begjin fan de jûn om it libben kaam doe't se mei har auto yn it wetter by de Loswâl yn Drachten rekke. Hoe't dat barre koe is noch net bekend, dêr docht de plysje ûndersyk nei. It slagge de helptsjinsten de frou út de auto te krijen, mar reanimaasje hat neat mear úthelle.

Foar de helpferliening waarden ûnder oare dûkers fan de brânwacht ynset, ek plysjeminsken binne it wetter yn sprong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)