Ferskate boatsjes yn Fryslân omslein troch hurde wyn

17 jul 2015 - 16:31
  • In siler yn Koudum dy't bykomt fan de skrik

De plysje warskôget wettersporters foar de hurde wyn. Yn de omjouwing fan de Hegemer, Snits en Koudum binne freedtemiddei al ferskate boatsjes omslein. Ek by de Galamadammen sloech in boatsje om. Dêrtroch rekken fjouwer minsken yn it wetter. Neffens de brânwacht binne dy der sûnder problemen úthelle. Foar de helpferliening waarden by de Galamadammen meardere boaten ynset.

By Grou rekken twa minsken yn it wetter. Ek dy koene oan wâl brocht wurde. Sy binne behannele troch personiel fan in ambulânse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)