Strân De Lemmer dekôr fan 250 beachfollybalteams

17 jul 2015 - 16:16
  • Beachfolleybal

It wurdt dit wykein drok op it strân fan De Lemmer. Der dogge sa'n 250 amateurteams mei oan it Beach Volleyball Circuit, in inisjatyf fan organisaasjeburo Alles Zand en it Nederlânsk Follybalbûn, Nevobo. It tal teams dat him opjûn hat leit heger as foarich jier. De organisaasje tinkt dat de grutte belangstelling te krijen hat mei it WK beachfollybal dat koartlyn yn ús lân holden is.

Foar de organisaasje is de ynrjochting fan de follybalfjilden op it Lemster strân noch net echt ienfâldich.

It strân leit yn de foarm fan in baai yn stee fan de rjochte strânen oan de Noardsee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)