Famke útkyktoer De Jouwer is fan 9 meter hichte fallen

17 jul 2015 - 15:01

It 14-jierrige famke dat tongersdei út in útkyktoer op 'e Jouwer foel, is neffens de plysje fan in hichte fan njoggen meter nei ûnderen kaam. Se rûn dêrtroch meardere breuken yn har earms op en ek oar earnstich letsel. Ut ûndersyk fan de plysje hat bliken dien dat it famke fallen is, omdat de flierplaat dêr't se op stie kantele omdat er los siet. Neffens de plysje koe dat omdat de skroeven fan de flierplaat mei opsetsin fuorthelle binne. Der wurdt no ûndersocht wa't dat dien hat.

Minsken dy't dêr ynformaasje oer hawwe wurdt frege kontakt mei de plysje te sykjen, dat mei ek anonym.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)