Poalsk jeugdtalint tekenet foar trije jier by SC Hearrenfean

17 jul 2015 - 14:45
  • Jakub Wrzesniak, de nije oankeap fan SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat in kontrakt foar trije jier sletten mei it 16-jierrige Poalske talint Jakub Wrzesniak. De sintrumspits komt fan de Poalske fuotbalakademy APPK fan âld-Hearrenfeanspiler Arek Radomski. Wrzesniak sil earst foar it B1-team útkomme. Neffens technysk manager Hans Vonk is de Poal in prima oanspylpunt mei skoarend fermogen. Op termyn ferwachtet Vonk dat Jakub Wrzesniak de stap nei it earste alvetal fan Sportklup Hearrenfean meitsje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)