Ferkear kin freed wer oer de Julianaleane yn Ljouwert

17 jul 2015 - 14:27
  • Wurk oan de dyk

Ferkear kin freed oan de ein fan de middei wer gewoan oer de Julianaleane yn Ljouwert ride. De ôfrûne tiid wie dy diels ôfsletten fanwege wurksumheden. Sa binne der ûnder oaren in tal rotondes oanlein. It wurk leit de kommende wiken stil fanwege de boufak. Dêrnei wurdt der wer fierder wurke. Dêrby wurdt de dyk ek in tal dagen hielendal ôfsletten. Dat is ûnder oaren om nij asfalt oan te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)