Elektryske fytsen te swier foar fytsedragers

17 jul 2015 - 13:11

Elektryske fytsen binne fanwege it gewicht somtiden gefaarlik om mei te nimmen op fakânsje. Dat seit trekheak-ekspert Theo Welles út Akkrum. Elektryske fytsen binne in stik swierder as gewoane fytsen en dêr binne net alle fytsedragers op berekkene. Boppedat kinne auto's mei in licht fermogen it gewicht ek net altyd oan. Guon auto's binne dêrtroch net mear goed te bestjoeren.

Welles advisearret dêrom om de akku's út de fytsen te heljen foar fertrek, dat skeelt wer yn gewicht.

Fierders is it ek goed om te sjen op wat foar gewicht de auto berekkene is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)