Klus mei útdaging foar Noppert Beton Burgum

17 jul 2015 - 12:07
  • Spesjaal transport Noppert Beton Burgum
  • It skip fan 82 meter lang

It is freed in spannende dei by Noppert Beton yn Burgum. De hiele dei troch binne se drok dwaande om sa'n hûndert ton oan materiaal foar de dykfersterking op It Amelân oer te laden nei in grut seeskip fan mar leafst 82 meter lang. Dat is gelyk oan de ynhâld fan 21 frachtweinen.

It is foar Noppert de earste kear dat se op dizze wize in skip belade op harren terrein. Se moatte dêrom ekstra foarsichtich wurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)