Fryslân stiet stil by de ramp mei de MH17

17 jul 2015 - 11:37

Ek yn Fryslân wurdt hjoed stilstien by de ramp mei de MH17, hjoed presys in jier lyn. Yn it fleantúch dat boppe de Oekraïne delstoartte sieten ek Friezen. In echtpear fan De Gordyk kaam om. In spiler fan FVC mei syn heit, suske en styfmem sieten ek yn it fleantúch en in jongeman út Damwâld, dy't al jierren yn Australië wenne, kaam om by de fleanramp. De âld-learling fan it Dockinga College yn Dokkum reizge mei syn Maleizise freondinne. De âlden fan de jonge wenje noch hieltyd yn Damwâld.

Op oerheidsgebouwen hingje de flaggen healstok. Gemeenten en provinsjes is frege op dizze wize de slachtoffers fan de fleanramp te betinken.

Trefwurden: 
Fryslân fleantúch ramp MH17
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)